“De Godmother” is in hjoeddeistige romantyske maffiaklucht.
It ferhaal spilet him ôf yn ‘e wenkeamer fan in lytse maffiafamylje mei de moaie Italiaanske namme Carleani. Harren filla stiet earne op it platte lân.
De famylje is yn ‘e rou. It haad fan ‘e famylje, Marino Carleani, hat in net neikommen ôfspraak mei de dea bekeapje moatten. Donna Vita, de widdo, hat foar earst de lieding op har naam. Eins soe har soan Sonny dat dwaan moatte mar ja…….die is net “it skerpste mes út it laad”.
Mar dan komt er út ûnferwachte hoeke in foarstel om de saken ris goed op in rychje te setten: In ferstânshoulik túsken Sonny en Isabella, de dochter fan in oare maffiafamylje: die fan Don Pietro Rupo.
Sonny sjocht dat hielendal net sitten, hy hat al in oare faam en mei de Rupo’s wol er al hielendal neat te krijen ha.
Hy freget de capo fan ‘e famylje om tegearre mei him in plan te meitsjen om alles ta in goed ein te bringen.
Mar wa is der te fertrouen en wa net en wat ha it UWV en Randstad der mei te krijen?